Manieren om te jaan

Al 25 jier wurkje wy der oan om foar te kommen dat it ynternet troch kweawollenden misbrûkt wurdt. Mar mei grutte fersteuringen dy’t de technology-yndustry teisterje, hawwe wy mear as ea jo help nedich om it ynternet werom te claimen.

As jo oan Mozilla donearje, helpe jo it folgjende tiidrek fan technology en hoe’t minsken dermei omgean foarm te jaan. Stypje ús essinsjele wurk troch hjoed te donearjen.

Online donearje

Jo kinne ien kear donearje of op in weromkommende moanlikse basis. Beide wurde tige wurdearre en binne krúsjaal foar ús missy om it web iepen en fergees te hâlden. Moanlikse donaasjes leverje duorsume finansiering dy’t ús helpt om ús projekten op lange termyn it meast effektyf te plannen om de takomst fan technology te transformearjen.

Doch jo donaasje online troch:

Guon betelmetoaden sille allinnich beskikber wêze ôfhinklik fan jo faluta of browserynstellingen.

In sjek ferstjoere

De Mozilla Foundation kin allinnich sjeks akseptearje yn Amerikaanske dollars útjûn troch in Amerikaanske bank. Skriuw sjeks út foar de Mozilla Foundation.

Oermakkingen dy’t fia earsteklas post ferstjoerd wurde moatte sa te adressearre wurde:

Mozilla Foundation
PO Box 25704
Pasadena CA 91185-5704

Oermakkingen dy’t nachts ferstjoerd wurde (d.w.s. FedEx, Messenger, ensfh.) moatte sa adressearre wurde:

Mozilla Foundation
25704
14005 Live Oak Ave
Irwindale CA 91706-1300

Fermeld jo e-mailadres yn de memorigel, sadat wy in ûntfangstbewiis foar jo donaasje stjoere kinne.

Hâld der rekkening mei dat de Mozilla Foundation gjin bydragen foar Thunderbird akseptearje kin. (Bydragen oan Thunderbird fia sjek kinne dien wurde troch dizze ynstruksjes te folgjen.)

In oerskriuwing ferstjoere

Wy akseptearje graach oerskriuwingen fan donateurs dy’t offline donearje wolle. Nim kontakt mei ús op as jo jo donaasje fia oerskriuwing dwaan wolle.

Jou ynformaasje oer it donaasjebedrach, de faluta en it lân fan de trochstjoerende bank, sadat ús Donor Care Team jo de meast krekte ynstruksjes leverje kin.

Oandielen en weardepapieren donearje

De Mozilla Foundation is bliid om jo skinking fan iepenbier ferhannele oandielen of obligaasjes te akseptearjen fia ús effekenrekkening by Northern Trust Securities. Wy kinne ek skinkingen fan oare weardepapieren beskôgje, dus nim dan kontakt mei ús op!

Jo kinne jo donaasje online meitsje of kontakt opnimme mei Grace Fung fia [email protected] om it proses te begjinnen.

Wurkjouwersmatching

De Mozilla Foundation is registrearre by de measte grutte portalsystemen foar it ferdûbeljen fan donaasjes en wurket graach mei jo gear om jo donaasje troch jo wurkjouwer ferdûbelje te litten. Wurkjouwers bepale harren eigen belied foar it matchen fan donaasjes; befêstigje de details fan it donaasjeprogramma fan jo wurkjouwer mei jo wurkjouwer. As jo fragen hawwe of help nedich hawwe, nim dan kontakt mei ús op fia dit formulier.

Troch donateurs advisearre fûnsen

Fûnsen dy’t troch donateurs oanrekommandearre binne in ienfâldige en fleksibele manier om de goede doelen te stypjen dy’t jo it meast wichtich fine, en biede tagelyk ynteressante belestingfoardielen. Us donateurs brûke trochgeand:

Nim kontakt mei ús op as jo fragen hawwe oer it jaan fan in bydrage fia jo oanrekommandearre donorfûns.

Qualified Charitable Distributions

Qualified Charitable Distributions (QCD’s) – ek bekend as IRA Charitable Rollovers – binne in oare manier wêrop donoaren yn de Ferienige Steaten dy’t âlder binne as 70,5 jier de Mozilla Foundation stypje kinne.

Donaasjes kinne makke wurde fia in IRA-makelaarsaccount en stjoerd wurde nei:

Mozilla Foundation
PO Box 25704
Pasadena CA 91185-5704

Foegje in e-mailadres of retouradres ta, sadat wy jo in ûntfangstbewiis stjoere kinne.

In legaat neilitte yn jo testamint

Jo kinne in legaat efterlitte foar in fergees en iepen web troch ús in donaasje yn jo testamint of neilittenskip efter te litten. Der kinne wichtige belestingfoardielen wêze foar it donearjen fan aktiva oan woldiedigens as ûnderdiel fan in boedelregeling. Foar mear ynformaasje oer it jaan fan legaten, nim dan kontakt op mei Kara Niles op [email protected].

Hawwe jo fragen? Stipe nedich?

As jo oare algemiene fragen of stipe nedich hawwe by it meitsjen fan jo donaasje, nim dan gerêst kontakt mei ús op fia dit formulier.