Wa't wy binne

De Mozilla Foundation wurket om derfoar te soargjen dat it ynternet in publike helpboarne bliuwt, iepen en tagonklik foar elkenien.

Begjin jierren 2000 boude de Mozilla-mienskip Firefox. Wy smiten dêrmei it browsermonopoalje om, joegen brûkers online kar en kontrôle en hawwe bydroegen oan in sûner ynternet.

Tweintich jier letter bliuwt Mozilla har ynsette foar in sûn ynternet – in ynternet wêrop grutte technologybedriuwen ferantwurding ôflizze en yndividuele brûkers online echt fertsjinwurdige wurde.

Mozilla’s wurk wurdt laad troch it Mozilla-manifest. Mozilla is yn 1998 oprjochte as in iepenboarneprojekt fan de mienskip en bestiet op dit stuit út twa organisaasjes: de 501(c)3 Mozilla Foundation, dy't ús bewegingsopbouwwurk liedt; en har folsleine dochterûndernimming, de Mozilla Corporation, dy't ús marktbasearre wurk liedt. De twa organisaasjes wurkjen nau mei inoar en mei in wrâldwide mienskip fan tsientûzenen frijwilligers tegearre ûnder ien flagge: Mozilla.

It ynternet is in wrâldwide publike helpboarne dy’t iepen en tagonklik bliuwe moat

It Mozilla-manifest

Us missy

Tsjintwurdich is it ynternet oeral. It foarmet ekonomyen, hat ynfloed op oerheden, en is sintraal foar miljarden libbens. Mar oft it ynternet demokrasy, iepen merken en frije mieningsutering befoarderet of polarisaasje, massatafersjoch, en misynformaasje, is oan ús.

It is de plicht fan Mozilla om derfoar te soargjen dat it ynternet in krêft foar it goede bliuwt.

Mozilla ynvestearret al mear as twa desennia yn nuodlike ideeën, wrâldwide lieders en op de boarger rjochte kampanjes. Wy wurkje oer grinzen, disiplinen en technologyen hinne om prinsipen lykas privacy, ynklusiviteit en desintralisaasje online yn stân te hâlden. Us taktiken rinne útien, mar ús fyzje is unyk: in robúste beweging foar ynternetsûnens.

Yn 2019 hawwe wy in nije útdaging foar de sûnens fan ynternet identifisearre: keunstmjittige yntelliginsje. AI nimt beslissingen foar ús en oer ús, mar net altyd mei ús. It kin ús fertelle hokker nijs wy lêze, hokker advertinsjes wy sjogge en oft wy yn oanmerking komme foar in liening.

De beslissingen dy't AI nimt kinne de minskheid helpe, mar ús ek skansearje. AI kin histoaryske partidigens en diskriminaasje fersterkje. It kin belutsenheid foarrang jaan boppe it wolwêzen fan de brûker. It kin de macht fan grutte technologybedriuwen fierder fersterkje en yndividuën marginalisearje.

Mozilla hat in unike posysje om dizze útdaging oan te gean. Us kearnwearden binne iepenheid en ynklusiviteit. Us skiednis is ryk oan ambisjeuze ideeën en suksesfolle online belangebehertiging.

Yn in tiid wêryn wy betroubere AI hurd nedich hawwe, kin Mozilla helpe.

Meiwurkje

Doch mei ús mei en help it ynternet as in wrâldwide publike helpboarne te beskermjen. Besjoch mooglikheden foar dielname of doch in donaasje om oan de slach te gean.

Mei ús gearwurkje

By Mozilla tsjinje wy de minskheid – troch in feilich, iepen ynternet te ûnderhâlden – en tagelyk helpe wy de yndividuele minsken dy't hjir wurkje om harren persoanlike en profesjonele doelen te berikken.

Iepensteande fakatueren by de Mozilla Foundation →

Partner wurde

Help it wurk fan Mozilla foar in sûn ynternet en betroubere AI te finansierjen, foarm te jaan en út te wreidzjen.

Litte wy gearwurkje →