RegretsReporter
Mei de browserútwreiding RegretsReporter, boud troch de non-profitorganisaasje Mozilla, helpe jo oanrekommandaasjes op YouTube ôf te wizen.
Befiningen út it ûndersyk nei YouTube-brûkersbetsjinning
Mozilla ûndersocht YouTube om te bepalen hoefolle kontrôle minsken eins hawwe oer it oanrekommandaasje-algoritme fan it platfoarm, oandreaun troch gegevens skonken troch 22.722 minsken. Dit is wat wy leard hawwe.
RegretsReporter-gegevensset
De gegevensset fan RegretsReporter kin brûkt wurde foar ûndersyk nei de impact fan de oanrekommandaasjemasine fan YouTube op mienskippen fan oer de hiele wrâld.
YouTube Regrets-befiningen
Mozilla hat tegearre mei 37.380 YouTube-brûkers in ûndersyk dien om skeadlike YouTube-oanbefellingen better te begripen. Dit binne ús befiningen.
YouTube Regrets-ferhalen
Spyt fan YouTube? Tûzenen hawwe dat ek! Dit binne de ferhalen dy’t Mozilla sammele doe’t wy minsken fregen nei de fideo’s wêrfan se winsken dat se der nea op klikt hiene, wêrtroch se yn in ‘kninehoale’ terjochte kamen…
Blogartikelen
-
Belangebehertiging July 6, 2020
Congratulations, YouTube... Now Show Your Work
Earlier this week, YouTube finally acknowledged their recommendation engine suggests harmful content. It’s a small step in the right direction, but YouTube still has a long history of dismissing independent researchers. We created a timeline to prove it.
Brandi Geurkink en Helena McDonald
Juli 2019 – Mozilla jout Guillaume Chaslot, foarhinne in YouTube-yngenieur, in beurs ta stipe fan syn ûndersyk nei AI-systemen, wêrûnder de ympakt fan de oanrekommandaasjemasine fan YouTube.
7 augustus 2019 – Mozilla kundige ús yntinsje om it oanrekommandaasjeprobleem fan YouTube te ûndersykjen en de start fan in dialooch mei it bedriuw oer it trochfieren fan ferbetteringen oan.
14 augustus 2019 – Mozilla publisearre in lêslist foar ús mienskip, mei dêryn de manieren wêrop oanrekkomandaasje-AI – wêrûnder dy fan YouTube – konsuminten manipulearje kin.
3 septimber 2019 – Mozilla organisearre in Q&A mei in jongfeint dy’t online radikalisearre waard, foar in part fanwegen de oanbefellings-AI fan YouTube.
10 september 2019 – Mozilla lansearre harren kampanje #YouTubeRegrets, wêryn brûkers oproppen waarden om ferhalen oer skealike oanrekommandaasjes dy’t se tsjinkommen wiene te dielen.
14 oktober 2019 – Nei in moeting mei personiel fan YouTube om dit probleem te besprekken, publisearre Mozilla trije konkrete aksjes dy’t it platfoarm nimme kinne soe om it oanrekommandaasjeprobleem oan te pakken. Dizze wizigingen omfetsje it transparanter meitsjen fan de oanrekommandaasjegegevens fan YouTube.
15 oktober 2019 – Mozilla publisearre de befiningen fan ús #YouTubeRegrets-ûndersyk, wêryn beskreaun waard hoe’t brûkers oanrekommandaasjes ûntfongen foar anti-wittenskiplike ynhâld, anti-LGBT-ynhâld en oare skealike fideo’s.
26 oktober 2019 – Wylst MozFest 2019 organisearre Mozilla “The Algorithmic Gaze”, in panel dat de gefaren fan ûnbetroubere AI, lykas de oanrekommandaasjemasine fan YouTube, ferkende.
25 desimber 2019 - Mozilla publisearre in rinnende list mei ûntslaggen fan YouTube dy’t yn ferbân stiene mei har oanbefellingsprobleem.
September 2020 – Mozilla lansearret de browserútwreiding RegretsReporter om it oanrekommandaasjeprobleem fan YouTube te ûndersykjen.
Juli 2021 – Mei help fan gegevens bydroegen troch 37.380 RegretsReporter-brûkers, publisearret Mozilla de earste befiningen yn de oanbefellingen fan YouTube.
Septimber 2022 – Mozilla publisearret in rapport dat YouTube ûndersiket om te bepalen hoefolle kontrôle minsken eins hawwe oer it oanrekommandaasje-algoritme fan it platfoarm.