Ynternetsûnens
In sûn ynternet is ien wêryn privacy, iepenheid en ynklúzje de noarm binne. Dit binne wearden dy’t Mozilla fan it begjin ôf ferdigene hat yn úsMozilla-manifest.
Mozilla is fan betinken dat wy allegearre in belang hawwe yn it begripen en beskermjen fan de sûnens fan it ynternet. Om dizze reden is de Mozilla Foundation benammen rjochte op in opkommende beweging fan ynternetbrûkers, technologen, ûndersikers en aktivisten dy’t steane en fjochtsje foar in sûn ynternet foar takomstige generaasjes.
Mear ynfo hjir oer ús strategy om in beweging op te bouwen.
Betroubere AI
In grut part fan it bouwurk fan Mozilla foar in beweging is rjochte op it ûntwikkeljen fan betroubere AI.
Mozilla hat ideeën foar hoe’t jo wurkje kinne oan AI dy’t it libben fan minsken ferriket, yn stee fan har skansearret. Wy neame it ‘betroubere AI’ en dizze framing begeliedt in grut part fan ús wurk.
Sûnt 2019 hawwe in oantal fan ús by Mozilla – tegearre mei letterlik hûnderten partners en meiwurkers – de fragen ûndersocht: wat bedoele wy echt mei ‘betroubere AI’? En wat wolle wy der oan dwaan?
As wy in sûn ynternet wolle – en in sûne digitale maatskippij – moatte wy derfoar soargje dat AI betrouber is. AI, en de grutte hoemannichte gegevens dy’t it oanfiere, binne sintraal yn hoe’t kompjûters hjoed-de-dei wurkje. As wy wolle dat apps, sosjale netwurken, ús apparaten en oerheid ús as minsken – en as boargers – tsjinje, moatte wy derfoar soargje dat de manier wêrop wy mei AI bouwe fan it begjin ôf saken lykas privacy en earlikheid ynboud hat.
Mear ynfo hjir oer ús AI-teory fan feroaring.