Common Voice is bliid om oan te kundigjen dat ús 18e gegevensset no beskikber is om te downloaden. As part fan ús ynset om te helpen spraaktechnologyen tagonkliker te meitsjen, jouwe wy in kosten- en auteursrjochtfrije gegevensset út fan meartalige spraakfragminten en byhearrende tekstgegevens út ûnder in CC0-lisinsje. De dataset is in ynspanning fan de mienskip, oandreaun troch de leveransiers fan spraak en tekst, taalaktivisten, technologen, akademisy en oare mienskipsleden dy’t Common Voice foarmje.

Common Voice 18.0-sifers

De Common Voice-gegevensset is útgroeid ta in dûzeljende 31.841 oeren mei 20.789 troch de mienskip falidearre oeren oan spraakgegevens. Dit is in ferheging fan hast 700 oeren oan spraakgegevens sûnt de lêste útjefte fan de gegevensset en in ferheging fan 381 nij falidearre oeren. De 18e gegevensset is gearstald út fragminten út 129 talen, mei 5 nije talen dy’t meikomme yn dizze útjefte.

Nije talen by Common Voice

We’re so excited to have five new languages join the Common Voice datasets and community. Xhosa, Kalenjin, Kidaw'ida, Dholuo and Setswana are available in Common Voice 18. These languages are used by hundreds of millions of people around the world who can now be better supported in voice technologies.

Wês ûnderdiel fan Common Voice 19 en heger

As jo optein binne oer Common Voice: der binne safolle manieren om mei te dwaan oan de mienskip. Jo stim diele of skriuwe en bydrage fan orizjinele sinnen yn jo taal helpt by it bouwen fan de folgjende dataset. As jo taal noch net op Common Voice stiet, kinne jo mei dit formulier de tafoeging oanfreegje. Wy ferwolkomme ek graach technyske bydragen oan ús iepenboarneprojekt op Github.

Kommentaar

Wy binne altyd bliid om te hearren wat jo fine fan de nije útjeften. Jo kinne ús berikke op de Common Voice-foarums, meí ús yn petear op Matrix of e-mail it team direkt op [email protected]. Wy binne benammen ynteressearre yn mear ynformaasje oer wat brûkers mei ús gegevensset bouwe of ferkenne. Better begryp fan de behoeften fan ús gegevenssetbrûkers kin ús helpe om rjochting te bepalen dy’t jo behoeften better stipet.