Wat wy dogge

Mozilla ynvestearret yn nuodlike ideeën, wrâldlieders en de gearwurkings- en kampanjekrêft fan minsken. Al mear as twa desennia wurkje wy oer grinzen, disiplines en technologyen hinne om in beweging te stimulearjen om it folsleine potinsjeel fan ynternet te realisearjen.

Boargers mobilisearje

Problemen rûnom de sûnens fan ynternet hawwe gefolgen foar ús allegearre. Mozilla stelt konsuminten yn steat om bettere online privacy, betroubere keunstmjittige yntelliginsjie en feilige online ûnderfiningen fan grutte technologybedriuwen en oerheden te easkjen.

yllustraasje fan in tekstballon en in asterisk

*Privacy net ynbegrepen

Us konsumintegids foar ferbûne produkten beoardielt hoe privee en feilich se jo gegevens bewarje. Hy helpt konsuminten om better ynformearre karren te meitsjen en hat fabrikanten der ta oanset harren produkten feiliger te meitsjen.

Lês de gids →

telefoan mei krul

Spyt oer YouTube

De oanrekommandaasje-AI fan YouTube is krêftich, mar kin skeadlik wêze en falske ynhâld oanrekommandearje om de tiid om te sjen te ferlingjen. Nei ús kampanje hat it platfoarm publyklik it probleem tajûn en hat it tegearre mei ús oer oplossingen neitocht.

Lês de ferhalen →

stimpeltekening

#DearInternet

2020 wie in unyk jier. Wy fregen hoe't it ynternet jo sûn hâld hat yn dizze ûngewoane tiid, en mear as tûzend fan jo hawwe antwurd jûn! Dit hiene jo te fertellen.

Lês de brieven →

Lieders ferbine

Mozilla stipet aktivisten en opinylieders dy't de takomst fan ús online libben foarmjaan en pleitet foar in better ynternet. Wy biede finansiering, mentorskip en ferbining mei in groeiende mienskip fan lieders en ynnovators.

Foto fan in groep freonen

Mozilla Fellowships

Behannelet in rige ûnderwerpen en disiplines binnen de bredere missy fan ynternetsûnens, wêrby it ynternet yn stân hâlden wurdt as in krêft foar it goede.

Mear ynfo oer Fellowships →

foto fan in persoan mei in telefoan

Mozilla Awards

Stipet alderlei soarten dosinten, keunstners, technologen en ynnovators, dy't harren ynsette om it ynternet better te meitsjen foar harren mienskippen en ús allegearre.

Mear ynfo oer Awards →

foto fan in protte minsken

Mozilla Festival

Dit jierlikse festival bringt tûzenen lyktinkende tinkers fan oer de hiele wrâld tegearre.

Mear ynfo oer it Festival →

Seishoeke yn it midden mei lytse fjouwerkantsjes deromhinne, as symboal foar desintralisaasje

Data Futures Lab

In eksperimintele romte foar it oansetten ta nije tinzen fan útdagingen op it mêd fan gegevensbehear.

Mear ynfo oer it Data Futures Lab →

De aginda foarmjaan

It ynternet is in enoarm ekosysteem. It ûndersyk fan Mozilla – fan ús jierlikse ynternetsûnensrapport oant ús wytboeken – bringt de logika dêrfan yn kaart. Wy ûndersykje bedrigingen foar in sûn ynternet, fan de eksploazje fan online folgjen oant it hieltyd faker ôfsluten fan ynternet en de komst fan deepfakes. Mar wy bringe ek positive punten ûnder de oandacht en biede oplossingen, fan it potinsjeel fan iepen gegevens oant opkommende sosjalemedia-gearwurkingsaksjes.

It ûndersyk fan Mozilla is, krekt as har produkten, iepen boarne. It is opboud mei input fan eksperts fan oer de hiele wrâld. En oaren kinne it fergees opnij publisearje, remikse en brûke yn harren eigen kampanjes en kurrikula.

abstrakte yllustraasje

Foarútgongsfersnelling nei betroubere AI

Statusupdate fan ús dokumint ‘Creating Trustworthy AI’ út 2020 en folgjende stappen om iepenheid, konkurrinsje en ferantwurdlikheid yn AI te befoarderjen.

Lês it wytboek →

kleurrike yllustraasje besteande út pearse tinten mei swarte linen en stippen, en mei IRL- en Mozilla-logo’s

Internet Health Report

Wy brûke datafisualisaasje en orizjinele rapportaazjes om te folgjen hoe't ynternet brûkers fan oer de hiele wrâld helpt sear docht.

Lês it lêste rapport →

ôfbylding fan in telefoan mei tekstballonnen derop

Us ûndersyk nei de takomst fan gegevens

Undersyk nei benei kommen fan krekte omgong mei gegevens en alternatyf gegevensbehear.

Lês it rapport →