Hoe’t it wurket

As jo in YouTube Regret ynstjoere, wurde de fideo en de oanrekommandaasjes dy’t jo dernei ta laat hawwe privee oan Mozilla-ûndersikers foarlein.

1 Klik op it fronseljende útwreidingspiktogram yn de browserbalke

2 Rapportearje de fideo en de oanrekommandaasjes dy’t jo dernei ta laat hawwe

*Hâld der rekkening mei dat allinnich Ingelsktalige fideo’s yn ús analyze opnommen wurde.

3 Ferstjoer eventuele ekstra details dy’t jo Mozilla witte litte wolle

Mei de útwreiding RegretsReporter kinne jo daliks aksje ûndernimme troch ús oanrekommandearre fideo’s te stjoeren wêrfan jo spyt hawwe dat jo se besjoen hawwe – lykas pseudowittenskip of anti-LGBTQ+-ynhâld.

It rapportaazjeformulier freget jo ús mear te fertellen oer jo YouTube Regret en ynformaasje te sammeljen oer de oanrekommandaasjes dy’t jo nei de fideo laat hawwe. Troch jo ûnderfiningen te dielen, kinne jo ús helpe fragen te beäntwurdzjen lykas: fan it besjen fan hokker soarte fideo’s krije brûkers spyt? Binne der gebrûkspatroanen dy’t liede ta mear oanrekommandaasjes fan jammerlike ynhâld? Hoe sjocht in YouTube-kninehoale derút en op hokker punt wurdt it wat wêrfan jo winskje dat jo der nea op klikt hiene?



Litte wy gearwurkje om oanrekommandaasjemasinen op it ynternet mear bertrouber te meitsjen.

Jierrenlang hawwe sjoernalisten, ûndersikers en sels eardere YouTube-meiwurkers YouTube ferteld dat se opkeare moatte dat harren oanrekommandaasjemasine brûkers rasistyske, gearspanderende en oare jammerlike kninehoalen ynstjoert.

YouTubebeweart dit probleem op te lossen, mar dit bart allegearre efter sluten doaren, sûnder dat it publyk beoardiele kin oft it echt wurket. Foarich jier jûch Mozilla YouTube trije oanrekommandaasjes om dit probleem op in mear iepen en transparante manier oan te pakken. Oant safier hat YouTube dizze wizigingen net trochfierd.

Hjir komme jo yn byld. De browserútwreiding RegretsReporter fan Mozilla transformearret gewoane YouTube-brûkers yn YouTube-waakhunen. Wy kinne ús eigen gegevens brûke om fragen oer jammerlike oanrekkomandaasjes te beäntwurdzjen, dy’t sjoernalisten dy’t dizze problemen ûndersykje, oare groepen lykas Mozilla dy’t oproppe ta mear ferantwurdlikheid en yngenieurs en technisy dy’t dizze technology bouwe in hiel ein op wei helpe.

Oer Mozilla

Mozilla jaget de beweging foar in sûn ynternet en betroubere AI oan. Dat dogge wy troch middel fan projekten lykas dit, dy’t bedriuwen ferantwurdlik hâlde foar skeadlike AI-systemen. Wy pleitsje der al hast in jier foar dat YouTube it oanrekommandaasjeprobleem oanpakt. Hjirûnder fine jo in tiidline fan it wurk fan Mozilla oer dit probleem.

In tiidline fan it wurk fan Mozilla oan dit probleem

  1. July 2019

    Mozilla jout Guillaume Chaslot, foarhinne in YouTube-yngenieur, in beurs ta stipe fan syn ûndersyk nei AI-systemen, wêrûnder de ympakt fan de oanrekommandaasjemasine fan YouTube.

  2. 7 augustus 2019

    Mozilla kundige ús yntinsje om it oanrekommandaasjeprobleem fan YouTube te ûndersykjen en de start fan in dialooch mei it bedriuw oer it trochfieren fan ferbetteringen oan.

  3. 14 augustus 2019

    Mozilla publisearre in lêslist foar ús mienskip, mei dêryn de manieren wêrop oanrekkomandaasje-AI – wêrûnder dy fan YouTube – konsuminten manipulearje kin.

  4. 3 septimber 2019

    Mozilla organisearre in Q&A mei in puber dy’t online radikalisearre wie, foar in part troch de oanrekommandaasje-AI fan YouTube.

  5. 10 septimber 2019

    Mozilla lansearre harren kampanje #YouTubeRegrets, wêryn brûkers oproppen waarden om ferhalen oer skealike oanrekommandaasjes dy’t se tsjinkommen wiene te dielen.

  6. 14 oktober 2019

    Nei in moeting mei personiel fan YouTube om dit probleem te besprekken, publisearre Mozilla trije konkrete aksjes dy’t it platfoarm nimme kinne soe om it oanrekommandaasjeprobleem oan te pakken. Dizze wizigingen omfetsje it transparanter meitsjen fan de oanrekommandaasjegegevens fan YouTube.

  7. 15 oktober 2019

    Mozilla publisearre de befiningen fan ús #YouTubeRegrets-ûndersyk, wêryn beskreaun waard hoe’t brûkers oanrekommandaasjes ûntfongen foar anti-wittenskiplike ynhâld, anti-LGBT-ynhâld en oare skealike fideo’s.

  8. 26 oktober 2019

    Wylst MozFest 2019 organisearre Mozilla “The Algorithmic Gaze”, in panel dat de gefaren fan ûnbetroubere AI, lykas de oanrekommandaasjemasine fan YouTube, ferkende.

  9. 25 desimber 2019

    Mozilla publisearre in trochrinnende list fan ôfwizingen fan YouTube yn relaasje ta it oanrekommandaasjeprobleem.

  10. Septimber 2020

    Mozilla lansearret de browserútwreiding RegretsReporter om it oanrekommandaasjeprobleem fan YouTube te ûndersykjen.

  11. July 2021

    Mei help fan gegevens dy’t bydroegen binne troch 37.380 RegretsReporter-brûkers, publisearret Mozilla de earste befiningen oer de oanrekommandaasjes fan YouTube.