Oankundiging: delta-releases op Mozilla Common Voice!

Mei yngong fan oktober 2022 sille wy delta-release-downloads leverje neist de downloads fan de folsleine release-gegevensset.

Wat is in delta-release? Stel jo foar dat jo Common Voice 10 foar Katalaansk downloaden hawwe, in totale downloadgrutte fan 49 GB, no is Common Voice 11 frijlitten en jo wolle al dy geweldige nije gegevens hawwe. In delta-release lit jo allinnich de nije gegevens downloade, dat is it ferskil tusken de Common Voice 10-release en de 11-release.

Wêrom dogge jimme dit? Wy hawwe in protte feedback krigen fan de mienskip dat de downloadgrutte in probleem wie foar in protte brûkers en ûntwikkelers dy’t de gegevensset brûke wolle. De downloadgrutte kin lang duorje foar minsken op trage ferbiningen en it downloaden fan in grutte hoemannichte gegevens kin ek lestich wêze op ynstabile ferbiningen. Foar in protte fan ús mienskip is twongen om klips te downloaden dy’t se al hawwe fan de foarige release kostber en fergriemend west.

Biede jimme delta-releases oan tusken alle releases? Wy sille delta-releases oanbiede tusken de lêste release en de lêste release en de nijste release. Dus op in stuit nei de folgjende release (Common Voice 11 yn oktober) sille wy de delta beskikber stelle tusken 10 en 11. By de folgjende release (Common Voice 12) sille wy de delta beskikber stelle tusken 11 en 12, ensafuorthinne.

Wanneer binne de delta-releases beskikber? De earste delta-release sille heal oant ein oktober útkomme. Wy hâlde jo op de hichte!

Hoe sjogge de gegevens derút? It is yn krekt itselde formaat as de folsleine release, allinnich de TSV-bestannen en fragminten/map befetsje allinnich de nije gegevens, net alle gegevens.

Sil it op deselde wize splitst wurde? De delta-releases wurde net splitst. Ofhinklik fan jo gebrûk, kinne jo kieze om alle gegevens ta te foegjen oan jo trainingsset, of jo kinne gearfoegje mei de foarige ferzje en CorporaCreator brûke om in ferzje te meitsjen dy’t identyk wêze sil oan de folsleine Common Voice 11-útjefte.

Hawwe wy noch hieltyd tagong ta âldere ferzjes fan de dataset?

Ja, mar de manier wêrop jo tagong krije sil feroarje. Jo kinne de nijste gegevensset downloade, de foarige, en de delta fan fragminten tusken de twa. Wy stypje net langer it downloaden fan de âldste releases fan MCV streekrjocht fan it platfoarm út, mar jo kinne ús altyd in e-mailberjocht stjoere om tagong te krijen ta in âldere ferzje fan de dataset. Dit is ûnderdiel fan ús ynset om betochtsum te wêzen oer de miljeu-ynfloed fan ús platfoarm.

Stel gerêst al jo fragen oer de delta-releases op Discourse of Matrix – en it team sil probearje se te beäntwurdzjen!