De Common Voice-datasets wurde sammele en ferspraat om te helpen der wis fan te meitsjen dat stimtechnologyen in sa breed mooglik oanbod fan globale sprekkers tsjinje kinne. Wylst ús lytse team in tsiental talen sprekt, hawwe wy net de saakkundigens dy’t nedich binne om ynformearre taalbeslissingen te nimmen oer de 120+ talen op ús platfoarm. Common Voice is altyd in mienskipsbesykjen west en wy wolle nauwer gearwurkje mei ús taalmienskippen as wy fierder groeie.
Wy lansearje in Taalmienskipsfertsjinwurdigersprogramma, ynspirearre troch eardere inisjativen lykas it programma Kiswahili Champions en de Ried fan Talenfertsjintwurdigers. Dit programma sil helpe om te soargjen dat besluten foar yndividuele talen op Common Voice stjoerd wurde troch sprekkers fan dy taal. Dizze groep sil bestean út frijwilligers dy’t as primêre referinsje en oansprekpunt tsjinje kinne foar alle taalspesifike fragen, besluten en soargen.
Omdat dit in frijwillige rol is wolle wy de omfang fan dit advyswurk ljochtgewicht hâlde foar ús frijwilligers. Foar no sykje wy gewoan nei persoanen dy’t ynteressearre binne om diel út te meitsjen fan dizze mienskip en har ekspertize oan te bieden as it mooglik is. Wy kinne bygelyks terjochte foar jo advys as der in fraach is fan hokker ortografy te brûken foar in nije taal, om ús te helpen besluten te nimmen oer in bulk sinfersyk yn jo taal of gewoan om jo gedachten te krijen oer taalspesifike kwaliteitsproblemen mei datasets.
As jo ynteressearre binne om mei te dwaan oan dit besykjen en jo taal te fertsjinwurdigjen, registrearje dan jo belangstelling fia dit formulier foar útdrukking fan ynteresse.
Foar brûkers dy't gjin tagong hawwe ta dit formulier: jo kinne ús ek in e-mailberjocht stjoere op commonvoice(at)mozilla.com mei it ûnderwerp ‘Community Champions’ en de folgjende ynformaasje:
- E-mailadres: ...
- Folsleine foar- en efternamme: ...
- Taalnamme: ...
- Taalkoade:
- Tiidsône: ...
- Binne jo ynteressearre yn it bywenjen fan moanlikse / twa-moanlikse mienskipsgearkomsten?: (Ja / Nee / Miskien)
- Underfining of eftergrûn yn dizze taal: ...
- Alle oanfoljende ynformaasje of notysjes: ...
Wy wolle fluch bewege om jo taalekspertize op te nimmen yn de rjochting fan Common Voice, dat wy planne ein septimber in kickoff-gearkomst om ferskate problemen te besprekken yn ferbân mei taalmienskippen, gegevenskwaliteit, en hoe’t wy de gearwurking fierder ferbetterje kinne.
As jo in taalkundige, ASR-yngenieur, taalaktivist of spraaktechnology-entûsjast kenne dy’t jo tinke dat se ynteressearre binne, diel dan dizze oprop foar dielname ek mei harren.
Wy sjogge út om gear te wurkjen om de ûnderfining fan alle taalmienskippen dy’t meidogge oan it Common Voice-projekt te ferbetterjen!
Tanke foar jo oanhâldende stipe!