Om accountbehear op it Common Voice-platfoarm te modernisearjen, sil Common Voice ús accountynfrastruktuer ferpleatse nei it Mozilla Accounts-autentikaasjesysteem. Dizze wiziging makket takomstich wurk oan it Common Voice-platfoarm mooglik troch ferskate machtigingsnivo’s foar meiwurkers te yntrodusearjen. De measte brûkers fan it Common Voice-platfoarm sille gjin wizigingen yn it oanmeldingsproses sjen. Dizze wizigingen gean op 4 novimber 2024 live.
As jo op dit stuit Github brûke om oan te melden by Common Voice:
De opsje ‘Oanmelden mei GitHub’ is nei 30 oktober 2024 net mear beskikber. Om jo oanmelde te bliuwen by jo Common Voice-account, fiere jo it e-mailadres dat oan jo GitHub-account keppele is yn it tekstfek ‘Oanmelde mei e-mailadres’ dat boppe oan de oanmeldside toand wurdt yn. Hjirtroch wurdt in nije Mozilla-account oanmakke, dy’t oan jo besteande bydragen en skiednis keppele wurdt.
Jo wurde frege om in nij wachtwurd te meitsjen foar jo account. As jo dit dien hawwe, wurde jo oanmeld op in nij Mozilla-account foar Common Voice dat is keppele oan jo eardere bydragen en skiednis.
Nei it bywurkjen fan jo account kinne jo gegevens ferbûn mei jo Mozilla-account ferwurke wurde troch de dochterûndernimming fan de Mozilla Foundation, Mozilla Corporation.


As jo op dit stuit Google, Apple, of de Oanmelde mei Mozilla brûke om jo oan te melden by Common Voice, sil jo oanmeldûnderfining net feroarje.
As jo problemen ûnderfine by it oanmelden by Common Voice nei 4 novimber, kinne jo mienskipsstipe sykje fia Matrix, Discourse of streekrjocht kontakt opnimme mei it Common Voice-team fia [email protected]